Spoarfytsûndernimmer driget Ljouwerteradiel mei rjochter

13 okt 2015 - 12:17

De gemeenteried fan Ljouwerteradiel krijt noch ien kâns om te ûndersykjen wêrom't de Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij NFLS gjin fergunning krije kin foar it oanlizzen fan in stik fytsspoar op it eardere spoartrasee Jelsum-Stiens. As dat net bart, wurdt de saak foar de rjochter brocht. Dat seit sakeman en NFLS-foarsitter Chris Rijff.

Hy kin it al jierren net iens wurde mei de gemeente. Hy beskuldiget boargemaster en wethâlders fan ûnbehoarlik bestjoer en ûnrjochtmittich hanneljen.

Rijff fielt him tekoart dien en tsjinwurke, mar de mearderheid fan de sittende gemeenteried is it oant no ta iens mei it beslút fan it kolleezje, om de fergunningsoanfraach net te honorearjen. Dat hat net altyd sa west. It foarige kolleezje hie wol earen nei it spoarfytsprojekt en soe de NFLS neffens Rijff ek al tasizzings dien hawwe. It nije kolleezje fan CDA en VVD kin dy net samar njonken har dellizze, is de NFLS fan betinken. Rijff hat alles noch in kear op papier set en nei alle riedsleden tastjoerd mei fragen. Oer de affêre ûntstie earder dit jier ek al reboelje yn de gemeentertied fan Ljouwerteradiel. De argewaasje rûn doe by de opposysjepartijen FNP en Gemeentebelangen sa heech op, dat se it beslút namen om de riedsgearkomsten in skoftke te boycotten.

Omdat se it brief noch net krigen hawwe, kinne de politike partijen yn de gemeenteried op dit stuit noch net reagearje op Rijff syn ferhaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)