Kommend wykein gjin treinen tusken Ljouwert en Bûtenpost

13 okt 2015 - 11:30

Fanwege wurk oan in ferkearstunnel ûnder it spoar tusken Ljouwert en Bûtenpost, ride der it kommende wykein fan sneon oant en mei moandei gjin treinen op dat stik spoar. Ferfierder Arriva sil bussen ynsette.

Dêrtroch kin de reis oant in healoere langer duorje as oars mei de trein it gefal is. Tusken Bûtenpost en Grins ride wol treinen, mar gjin sneltreinen. It is neffens Arriva ek net mooglik om fytsen yn de bus mei te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)