Fryske VVD yn noed oer fargeul nei Lauwerseach

13 okt 2015 - 11:23
  • Kotters yn de haven fan Lauwerseach

De VVD Fryslân makket him soargen oer de befarberens fan de fargeul nei Lauwerseach. Troch fersâning fan de fargeul driget de haven yn de takomst net langer berikber te wêzen foar fiskersboaten. Der komt ynkoarten in ûndersyk wat der gebeure moat om de haven berikber te hâlden.

De provinsje Fryslân wol de kommende tiid krekt mear as 3 miljoen ynvestearje yn it ferlingen fan de kade fan de haven, sadat de garnalefiskers mear romte krije. Derneist wurdt de jachthaven modernisearre en komt der in driuwend platfoarm foar rekreaasjefiskers.

De VVD wol no fan Deputearre Steaten witte wat de gefolgen fan de fersâning binne foar it toerisme en de fiskershaven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)