Vitens: Súdeast-Fryslân hat wer wetter

13 okt 2015 - 09:50
  • Kraanwetter

Elkenien yn it súdeasten fan Fryslân hat wer wetter. Dat seit wetterleidingbedriuw Vitens. Troch in lek yn de haadlieding by it wetterwinstasjon by Terwisscha hienen húshâldens yn Súdeast-Fryslân tiisdeitemoarn gjin wetter of in bysûnder lege wetterdruk op de kraan. Guon ynwenners sille tiisdei noch wol lêst hâlde fan in legere wetterdruk.

De ferwachting is dat monteurs fan Vitens noch wol oant yn de rin fan de middei dwaande binne om it 'spontane lek' yn de haadtransportlieding te werstellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)