Kollum: "Feesboek"

13 okt 2015 - 08:19

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"It wie de fideo dy’t it meast dield en besjoen wurden is. In opname fan in noch net iens sa’n âlde frou yn in karke. Geert Wilders wie ergens op besite en sy wie derby. Doe’t in sjoernalist har fragen begûn te stellen oer flechtlingen, kaam se mei de earste fan in pear, no al histoaryske, útspraken. ‘Ja,’ sei se, ‘straks pakken ze al onze banen in.’ Dêr gie myn earste bûse, ik koe der neat oan dwaan. Se fertelde oer har pleechsoan fan 21, dy’t graach wurkje woe mar neat krije koe. ‘En hun hebben over vier maanden werk.’ Wêr’t se dat dan lêzen hie, frege de sjoernalist. ‘Dat heb op feesboek gestaan,’ antwurde se. En dêr gie de twadde bûse.

Omdat it op facebook stien hat is it wier. Papieren kranten binne op stjerren nei dea. Dat is in gegeven. Ek in gegeven is it feit dat in tredde fan alle Amerikaanske brûkers fan facebook harren nijs fia de share (of diel) knop binnen krijt. Yn Nederlân is dat minder, mar it tal minsken dat it nijs ek op dy wize ûnder eagen krijt, wurdt stadichoan grutter. Dêrmei is it oan de minsken sels om te bepalen wat nijs is en wat net. In nuodlik ûndernimmen. Mag ik dat zo zeggen? Ja, dat mag ik, om’t ik sels ek op facebook sit en alle dagen fan alles foarbykommen sjoch. Eartiids hiest praatprogramma’s op televyzje, dêr’t op in serieuze en bespraakte wize op ûnderwerpen yn gien waard. Letter kaam dêr it fenomeen talkshow by, dêr’t it minder serieus om en ta gie en it bespraakt wêzen ynruile waard foar razen en skellen.

Ik sis: Jerry! Jerry! Jerry! Lykwols joegen beide programma’s ús de mooglikheid om it echte nijs fan it quasi-nijs te ûnderskieden. De sitewaasje yn it Midden-Easten vs boufakkers yn netpantys dy’t harren partner mei in polleppel penetrearren. Soksawat. Sosjale media, en facebook yn it bysûnder, is in miks fan beide. En dat makket it dreech om nijs fan quasi-nijs te ûnderskieden. Foarbylden by de rûs. Bygelyks de Game of 72, wat op in stuit delset waard as in facebookrage ûnder de jeugd. Bern dy’t inoar útdagen om 72 oeren te ferdwinen sûnder de âldelju of famylje yn te ljochtsjen. De heiten en memmen dy’t it berjocht op Facebook liezen skieten sân kleuren stront.

Achterôf die bliken dat it om ien, ik herhelje, ien, gefal gie. In Frânsk famke dat útnaaid wie en nei trije dagen weromkaam. Se hie it ferhaaltsje fan de challenge betocht om harsels skjin te praten… Omdat it berjocht fuortendaliks in protte dield waard, gie it yn de rûnte as soe it in rage wêze. Quasi-nijs dat nijs wurdt. Mar no komt it rare. Neffens it Social Media Impact-ûndersyk, beskôgje Nederlânske sjoernalisten social media hieltyd mear as in belangrike bron fan ynformaasje. Sterker: 60% besjocht it sels as de belangrykste bron fan ynformaasje. No giet dat net allinne oer Facebook, mar ek oer bloggers en soks. Nijs út dy bronnen wurdt hieltyd faker, en flugger, oernaam en online set troch sjoernalisten. Soks wurdt crowd checking neamt, in fenomeen dat terrein wint op it fact checking. It stiet op Facebook, dus is it sa. En dat is in soarglike ûntjouwing. Mar gjin reden om it net te brûken, allinne mar in reden om foarsichtich te wêzen. Want: sosjale media is ek moai en ynteressant.

Wat sis ik: Facebook is op mominten in tiidmasine. Lêsten seach ik foto’s fan Rory Gallagher foarbykommen, naam by in optreden yn de Veemarkthal fan Snits. Foto’s fan augustus 1980. Dêr wie ik by. Mei in ploechje maten. In machtich optreden, dêr’t ik net fan wist dat dêr noch materiaal fan wie. Yn ien klap wie ik wer njoggentjin, in jonge tsjinner, dy’t mei in liif fol fize babi ketjap yn de betonbak fan de Veemarkthal út syn noch mei hier bedutsen dakje stie te gean. Dat is ek Facebook. En dat is machtich. Men moat allinne kritysk wêze en goed oplette mei bepaalde berjochten. Net te fluch op de dielknop drukke. Behalve as dizze kollum online stiet. Dy kin dield wurde. Fuortendaliks en sûnder nei te tinken."

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)