"Komst Fryske helporganisaasje nei Nepal jout hope"

12 okt 2015 - 21:51
  • Oeral yn de berchdoarpkes wurde de bestjoersleden fan SMPN mei grut fertoan binnenhelle troch de skoalbern
  • Gerrit de Boer sliept yn in tintsje op in skoalplein

Froukje Nijholt, sekretaris fan de Stichting Studenten en Musahar Project fan It Hearrenfean, is ûnder de yndruk fan wat sy sjocht yn Nepal. De stichting is yn Nepal foar in helpprojekt, nei oanlieding fan de swiere ierdbeving dit jier. Troch de ierdbeving is de sitewaasje neffens har "minskeûntearjend".

In soad huzen en skoallen binne ferneatige en de earmoed is grut. De komst fan de Fryske stichting hat in positive ynfloed op de Nepalezen. It bemoediget harren en jout hope.

De ynternasjonale help falt Nijholt ôf. De gearwurking tusken helporganisaasjes is net effisjint en der is mear jild nedich. Under oaren foar de bou fan wettertaps, bibleteken en húskes.

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Gerrit de Boer is ek yn Nepal en folget de ûntwikkelingen fan de Fryske helporganisaasjes dêr. Folgje Gerrit de Boer yn Nepal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)