Noch hieltyd grut ferlet fan nije orgaandonoaren

12 okt 2015 - 20:36

Der binne op 'e nij tsientûzenen ekstra orgaandonoaren nedich, seit de Nederlandse Transplantatie Stichting. It is op dit stuit nasjonale donorwike, en alle jierren melde har yn sa'n wike 30.000 nije orgaandonoaren oan. Dat liket in protte, mar it is dochs net genôch, want der steane yn Nederlân mear as 1000 minsken op de wachtlist.

Sy wachtsje soms al jierren op in nije nier, in hert, longen of in oar orgaan. Dat der safolle donoaren nedich binne, komt omdat mar ien op de tsientûzen donororganen geskikt is foar transplantaasje.

Dat hinget fan in soad ferskillende faktoaren ôf. Yn Fryslân steane 135.000 minsken registrearre as orgaandonor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)