Film oer Skylger fûgelwachters te sjen yn fleantugen KLM

12 okt 2015 - 19:42

De film 'De Vogelwachter' is it kommende healjier te sjen op it plak dêr't de measte fûgels te finen binne: yn de loft. De KLM hat de film oer it wurk fan de fûgelwachters yn natoergebiet De Boschplaat op Skylge opnaam yn it oanbod oan films dêr't je ûnderweis nei sjen kinne as je binnen Europa fleane.

De film is ek selektearre troch in ferneamd filmfestival yn New York om dêr te draaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)