SC Hearrenfean hat bysûnder rolstoelplatfoarm yn stadion

12 okt 2015 - 17:12

SC Hearrenfean hat as ien fan de earste fuotbalstadions yn ús lân in plak foar hendikepte supporters tusken de oare supporters. It plak is bysûnder om't se der selsstannich komme kinne. En dêrmei giet in winsk yn ferfolling. Want hieltyd faker wolle hendikepten gewoan tusken it publyk sitte.

Der wienen al plakken yn it stadion dêr't minsken mei bygelyks in rolstoel in plakje hienen, mar mei de yntegraasje fan dit rolstoelplatfoarm tusken de supporters krije dy minsken no noch mear mei fan de sfear yn it stadion.

No snein, thús tsjin Feyenoord, sil Hearrenfean de nije plakken yn gebrûk nimme. De wedstriid stiet dan folsein yn it teken fan de hendikeptesport. Hearrenfean spilet dêrom mei in spesjaal shirt om't haadsponsor Univé it plak op it shirt beskikber steld hat oan it Fonds Gehandicaptensport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)