Seis Friezen oan de start yn wrâldbeker shorttrack

12 okt 2015 - 15:38
  • Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma

Shorttrackers Sjinkie Knegt út Bantegea, Daan Breeuwsma út Akkrum en Leon Bloemhof út Sint Jabik binne troch de KNSB selektearre foar de earste twa wrâldbekerwedstriden fan it seizoen. It giet om wedstriden yn Montreal en Toronto. Ljouwerter Ithzak de Laat start allinnich yn Montreal.

By de froulju hawwe Suzanne Schulting en Roza Kooystra fan It Hearrenfean de seleksje helle. Rianne de Vries út Akkrum is net selektearre. De wedstriid yn Montreal is it wykein fan 30 oktober. In wike letter stiet Toronto op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)