Man wurdt net goed by gaslek Appelskea

12 okt 2015 - 14:41
  • Enexis

Yn Appelskea is moandeitemiddei in man ferwûne rekke by in gaslek. By it plak fan it ûngelok waard wurke mei in kraan. Dy rekke hjirby in gaslieding, mei in lek as gefolch. It slachtoffer is hjirnei net goed wurden. Der waard in ambulânse oproppen om it slachtoffer te behanneljen, dy hoegde net mei nei it sikehûs. Enerzjyleveransier Enexis is op it stuit ûnderweis om it gaslek ticht te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)