KNRM hellet waadrinners fan it Waad

12 okt 2015 - 11:31

In groep fan sa'n 30 waadrinners by Skiermûntseach is sneintejûn troch de KNRM nei de fêste wâl brocht. De groep wie oan board fan it skip Boschwad, dat fêstrûn wie. Omdat it noch wol eefkes duorje soe foardat it wer heech wetter wie, waard de KNRM warskôge. Dy hat de minsken fan board helle en nei de wâl brocht.

Trefwurden: 
KNRM waadrinners
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)