Ynbrekkers Boelensloane naaie út, mar komme net fier

12 okt 2015 - 11:18

De plysje hat sneintejûn yn Boelensloane twa ynbrekkers oppakt. It giet om in 50-jierrige Snitser en in 52-jierrige ynwenner fan De Pein. De bewenners fan in hús oan de Boelenswei betrapen de manlju doe't se thúskamen en bellen fuortdaliks 1-1-2. De ynbrekkers naaiden yn de auto út, mar koene letter op de Tuskenwegen yn De Pein oanhâlden wurde. De plysje fûn yn harren klean in part fan it stellen guod werom. De fertochten binne ynsletten foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
ynbraak Boelensloane
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)