Ljouwert krijt reinbôgetrep op Mata Hariplein

12 okt 2015 - 11:08

Ljouwert krijt in reinbôgetrep op it nije Mata Hariplein, tsjinoer skouboarch De Harmonie. Dat makke wethâlder Andries Ekhart moandei bekend op de Ljouwerter fiering van Coming Out Day. Dizze ynternasjonale dei wurdt brûkt om mear omtinken te freegjen foar de yntegraasje fan lesbyske, homoseksuele, biseksuele en transseksuele minsken. De reinbôge wurdt ynternasjonaal brûkt as symboal foar dizze groep minsken. De gemeente woe earst in reinbôge-sebrapaad meitsje, mar fûn in trep yn it nije kultuerele hert fan de stêd better passen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)