Trochstart foar Dixons, Mycom en iCentre

12 okt 2015 - 10:37

De winkels fan iCentre, Dixons en Mycom, dy't ek festigingen yn Fryslân hawwe, meitsje in trochstart. De eigener fan de ketens, de BAS Group, is ferline wike foar in part fallyt ferklearre.

De kompjûterwinkels wurde no oernaam troch Relevant Holdings. Dat bedriuw is ûnder oare eigener fan de telekomketens Optie 1, Phone House en Typhone.nl. Mei de trochstart bliuwe alle winkels iepen. Nei alle gedachten kin de helte fan de 1000 wurknimmers syn baan hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)