Snitser follybalfroulju winne Supercup

11 okt 2015 - 17:38
  • VC Snits wint de Supercup
  • De beker giet mei nei Snits

De Snitser follybalfroulju hawwe de Supercup wûn. De wedstriid gie tusken lânskampioen Snits en bekerwinner Sliedrecht Sport, en waard yn in fiifsetter wûn troch Snits mei 3-2.

Yn it begjin fan de earste set koene de froulju fan Snits noch wol meikomme, mar dêrnei heaken se ôf en Sliedrecht Sport wûn oerstjûgjend mei 25-20. De twadde set wie ek foar Sliedrecht mei 25-22. Ek yn dizze set wie Sliedrecht fierwei de bettere ploech, ek al makke Snits it yn de einfaze noch spannend mei in pear prachtige opslachballen fan Carlijn Jans.

Snits kaam yn de tredde set goed werom, se kamen sels mei 13-2 foar. Sliedrecht makke in soart flaters en dêrtroch gie de tredde set mei 25-14 nei Snits. Yn de fjirde set pakte Snits de foarsprong mei 6-2, mar Sliedrecht kaam werom yn de wedstriid. Dochs wist Snits de fjirde set yn in spannende einstriid te winnen mei 25-20.

De beslissende fiifde set wie tige spannend. Snits kaam wol foar, mar Sliedrecht kaam op likense hichte en sels foar mei 11-10. De Snitser froulju herpakten har en rûnen út nei 14-10 en wûnen mei 15-12. Se wûnen foarich jier de Supercup ek al en nimme him no dus wer werom nei Snits.

Moandei yn Hjoed in reportaazje oer de prestaasje fan de Snitser follybalfroulju

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)