Boargemaster Apotheker en Bilker: Flechtlingen binne feilich

11 okt 2015 - 16:10
  • Flechtlingen yn Kollum

Yn de Fryske sporthallen mei flechtlingen yn Warkum en Kollum is de bestoarming fan in sporthal mei flechtlingen yn Woerden it gesprek fan de dei. Tweintich yn it swart klaaide manlju mei bivakmûtsen op hawwe yn Woerden in sporthal mei 150 flechtlingen bestoarme.

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân is bot skrokken fan wat der dêr bard is. Hy hat der mei de flechtlingen oer praat. Der binne ôfspraken makke oer wat se al en net dwaan kinne om provokaasjes foar te kommen.

Boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân makket him mear soargen oer de lanlike polityk. Hy fynt dat de politisy yn Den Haach de holle derby hâlde moatte en foar eagen hâlde moatte wer't it om giet. En dat binne minsken dy't opfang nedich ha, sa stelt Apotheker.

Beide boargemasters tinke de befeiliging goed op oarder te hawwen by de flechtlinge-opfanglokaasjes yn harren gemeenten.

Yn Kollum wurde in lytse 100 flechtlingen opfongen. Yn Warkum binne mear as 140 minsken ûnderbrocht. Yn de sporthallen wachtsje se oant se freed 16 oktober ferhúzje kinne nei it WTC-Expo yn Ljouwert. Dêr sille se oant jannewaris bliuwe. Yn totaal wurde yn it WTC 600 minsken ûntfongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)