Fryske artysten biede harsels oan op ynformaasjemerk

11 okt 2015 - 15:41

Tal fan Fryske artysten binne snein te bewûnderjen yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Dit yn it ramt fan de jierlikse ynformaasjemerk fan Keunstwurk. Doel is dat de artysten dit winterseizoen boekt wurde foar optredens yn de provinsje.

Nij dit jier is dat it inisjatyf fan FriezenOpDePlanken ek oanslút by de merk. Dit is in platfoarm fan en foar Fryske artysten. Dêrtroch is de opset noch grutter. Op de merk stean sa'n fjirtich oanbieders en der binne optredens fan sa'n tritich artysten op trije poadia.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)