Snits Wyt Swart Boso Snits pakt punt yn Emmen tsjin WKE

10 okt 2015 - 21:28

Snits Wyt Swart Boso Snits hat sneontejûn yn in hektyske topklassewedstriid mei 1-1 lyk spile tsjin WKE yn Emmen. Yn de earste helte mei aardich fuotbal waard der net skoard. Sa like de twadde helte ek te ferrinnen: wol kânsen foar beide ploegen, mar gjin goals. It spektakel siet yn de sturt. Yn de 82e minút foel de 1-0 foar WKE troch Junior Albertus. Trije minuten letter makke Adnan Jarjour de moaie Snitser lykmakker. Dêrnei foelen der noch trije reade kaarten oan Emmer kant. Albertus krige read nei in swiere oertreding op Erolind Derguti.

Angelo Zimmerman en Anton Jongsma wiene it net mei dy kaart iens, lieten dat de skiedsrjochter witte en koene ek fan it fjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)