Scooterrider slim ferwûne by oanriding yn Burgum

10 okt 2015 - 13:03

In 17-jierrige scooterrider is sneontemiddei slim ferwûne rekke by in oanriding op de Hillamawei yn Burgum. It slachtoffer kaam yn botsing mei in 27-jierrige autobestjoerder. Under oaren in traumahelikopter is oproppen foar de helpferliening. It slachtoffer komt fan Garyp.

It slachtoffer is nei sikehûs it MCL yn Ljouwert brocht. De dyk is ôfset yn ferbân mei it plysje-ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)