Boskwachter Otto Overdijk krijt fûgelpriis Gouden Leppelbek

10 okt 2015 - 12:17

Boskwachter Otto Overdijk hat sneon de Gouden Leppelbek krigen foar syn ynset foar de leppelbekken. Alle jierren rikt de Fûgelbeskerming de priis út oan ien dy't him ynset foar de beskerming fan fûgels. Overdijk docht dat al tsientallen jierren foar de leppelbek.

Hy helpt by ûndersyk nei de leefomjouwing en hat de leppelbekken kleurringen en GPS-rêchpûden jûn. De priis is sneon om 12 oere útrikt yn it garnalefabrykje yn Moddergat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)