SCH-foarsitter neamt gong fan saken "onmenselijk"

10 okt 2015 - 10:23
  • Wim Dijk en Jelko van der Wiel (rjochts)

Foarsitter fan it deistich bestjoer fan SC Hearrenfean Jelko van der Wiel fynt de wize wêrop't der mei him omgien wurdt 'onmenselijk'. Freed krige hy in mail mei it boadskip dat de oandielhâldersgearkomste fan sneon net troch giet. 'Tien maanden geleden wilden ze me al ontslaan, en nu, een dag voor die mededeling, mailen ze weer af. Ik vind dit onmenselijk,' seit Van der Wiel.

Yn de mail stiet dat de gearkomste net trochgiet sjoen de 'recentelijke ontwikkelingen'. It iennichste punt op de aginda wie it twongen ôfskie fan Van der Wiel.

Hy hat spul mei it stichtingsbestjoer, ûnder lieding fan Anne Hettinga. Der is al in skoft in soad ûnrêst by Sportklup Hearrenfean, mei in machtsstriid tusken it deistich bestjoer en it stichtingsbestjoer. Ofrûne wike stie der in groep fan 50 supporters yn de strjitte fan Anne Hettinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)