Gemeente Ljouwert jout omtinken oan Coming Out Dei

09 okt 2015 - 19:51
  • In reinbôgeflagge

De gemeente Ljouwert hinget no moandei de reinbôgeflagge út. De reinbôgeflagge is in ynternasjonaal symboal foar de LHBT-mienskip. LHBT stiet foar Lesbiennes, Homo's, Biseksuelen en Transseksuelen.

No snein is it de ynternasjonale Coming Out Dei. In dei wêrop't minsken oanmoedige wurde om foar harren seksualiteit út te kommen. De gemeente Ljouwert is ek dwaande mei in spesjaal reinbôge-sebrapaad. Moandei wurdt de krekte lokaasje dêrfan bekendmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)