Soargen om fertraging restauraasje stasjonsbrêge Frjentsjer

09 okt 2015 - 17:39
  • Stasjonsbrêge Frjentsjer

De PvdA en D66 yn provinsjale steaten meitsje har soargen oer de gong fan saken rûnom it opknappen fan de stasjonsbrêge yn Frjentsjer. Neffens de partijen is it bekend dat der in konflikt is tusken de oannimmer en de provinsje, mar krije ynwenners mar kwalik ynformaasje.

De omwenners soene in protte lêst hawwe fan de fertraging dy't it konflikt no opsmyt. De partijen wolle witte wat de definitive startdatum fan de wurksumheden no is, en oft de deputearre der ek wurk fan makke hat om it konflikt flugger op te lossen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)