Friesland College opnaam yn kopgroep Zorgpact

09 okt 2015 - 17:11

It Friesland College is ien fan de sân ûnderwiisynstellings dy't opnaam binne yn de kopgroep fan it saneamde Zorgpact. It Zorgpact is in projekt dat opset is troch it ministearje fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip om derfoar te soargjen dat ûnderwiisynstellings en soarchynstellings better mei-inoar gearwurkje.

It projekt wêrmei't it Friesland College, en ek ZuidOostZorg, útkeazen binne foar de kopgroep, is 'De Praktijkroute'. Hjirby leare studinten yn de soarchynstelling fan ZuidOostZorg wat har stúdzje yn de praktyk ynhâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)