GGD Fryslân: Elzen Aldeholtpea meitsje minsken mooglik siik

09 okt 2015 - 15:51

De 36 elzebeammen oan de Grote Kamp yn Aldeholtpea, kinne minsken siik meitsje. Dat docht bliken út ûndersyk fan GGD Fryslân. It giet oan de Grote Kamp om frjemde elzesoarten, krusings tusken Japanske en Kaukasyske elzen. Tefolle beammen byelkoar kinne allergyske reaksjes feroarsaakje, seit it rapport. De bewenners wisten dat al lang. Benammen yn de perioade desimber oant maaie binne in soad bewenners siik en moatte yn guon gefallen medisinen nimme.

Se trune der al hiel lang by de gemeente op oan om de beammen te kapjen en troch oare soarten te ferfangen, mar sa fier is it noch net. It rapport wurdt no bestudearre troch de gemeente en de ried sil der kommende moanne oer gear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)