Offalkonteners yn 'e brân stutsen yn Skearnegoutum

09 okt 2015 - 13:45

De plysje siket minsken dy't mear witte oer kontenerbrantsjes, tongersdeitenacht yn Skearnegoutum. Dêr stienen om in oere as ien hinne twa ôffalkonteners yn 'e brân oan de Waldastrjitte en ien oan de Fleardyk.

De plysje giet út fan brânstichting en freget tsjûgen harren te melden. Dat mei ek anonym.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)