Al sân nije bedriuwen foar Wetterkampus Ljouwert

09 okt 2015 - 13:38

Sûnt jannewaris hawwe harren al sân nije bedriuwen festige yn it Science Center Johannes de Doperkerk yn Ljouwert. It sintrum makket diel út fan de Wetterkampus Ljouwert. Mei Wetsus as blikfanger is de kampus sa njonkenlytsen in ynternasjonaal begryp op it mêd fan wettertechnology.

Op inisjatyf fan de gemeente Ljouwert wie der freed in lunsj-gearkomste om de ûndernimmers mei-inoar yn de kunde komme te litten. Neffens wethâlder Deinum giet it faak om relatyf lytse bedriuwen, mar kin de spin-off hiel grut wêze.

"De ideeën komme hjir fan de tinkers, mar dat smyt faak wer wurk op foar oare bedriuwen yn de regio."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)