Hearrenfean-bestjoerder Hettinga bedrige troch supporters

09 okt 2015 - 13:00

Bestjoerslid Anne Hettinga fan Sportklup Hearrenfean is tongersdeitejûn bedrige. Sa'n 50 Hearrenfeansupporters stienen tongersdei yn de strjitte fan de foarsitter fan it stichtingsbestjoer. De plysje befestiget dat der sa'n 50 man yn Snits oanwêzich wienen en dat guon bewenners it alarmnûmer belle hawwe.

De bewenners sprutsen fan in alarmearjende situaasje. Neffens de plysje hawwe plysjeminsken der west, mar hoegden dy net op te treden. SC Hearrenfean freget op syn webside de kalmte te bewarjen as it giet om de bestjoersperikels.

Neffens de klup hawwe der saken west dy't perfoarst net passe by SC Hearrenfean. Foarsitter Jelko van der Wiel betreuret it feit dat it plakfûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)