Ekstra wenromte om wachtlisten fuort te wurkjen

09 okt 2015 - 12:45
  • Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert

It kommend healjier moatte 10.000 asylsikers húsfeste wurde yn "gewoane" wenningen. Op dizze wize moat der romte komme yn de AZC's foar flechtlingen dy't no noch yn krisisopfanglokaasjes sitte. Dat hawwe gemeenten en it kabinet freedtemoarn ôfpraat op de saneamde "asyltop".

Dêrneist komme der ek wenningen beskikber foar Nederlanners dy't no op in wachtlist steane. It giet net allinnich om nijbou, mar ek om bygelyks leechsteande kantoaren. Neffens boargemaster Crone fan Ljouwert hawwe ferskate oannimmers harren al melden by de gemeente.

Fierder stelt it Ryk ekstra jild beskikber foar gemeenten dy't needopfang foar flechtlingen regelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)