Bou huzen Koudumer Havenkertier úteinset

09 okt 2015 - 10:26

Yn Koudum is de lêste faze fan it sintrumplan úteinset. Yn 'e Koudumer haven komme 28 huzen. Dit moat soargje foar mear leven yn it doarp. Dit yn kombinaasje mei de passantehaven. Al sûnt 2002 waard der oer it plan praat.

Projektûntwikkeler Willem Folkerts wennet sels neist de haven. Hy is bliid dat it braaklizzend terrein no lang om let oanpakt wurdt. Folkerts hat oant no ta njoggen kavels ferkocht. Op de oare kavels sitte opsjes.

Trefwurden: 
Koudum havenkertier huzen bou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)