Kollum: "Ik bin miljonêr!!!"

09 okt 2015 - 08:53

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Sa no en dan ha wy in pear gast-kollumnisten. Ien fan harren is skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. Hy publisearre oant no ta fjouwer romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012) en Bedoarne hannel (2014). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean.

"Doe’t Joline my justermiddei tsjin tolven belle of ik noch in kollum foar fan ’e moarn produsearje koe, lei de kar foar it ûnderwerp fansels foar de hân. Want wêr soe it oars oer gean moatte as oer de ûnrêst yn it grutste teater fan Fryslân? Der wie neat dêr’t ik oars oer skriuwe koe. Mar, der is al sa’n soad oer skreaun. Der hat al safolle omtinken foar yn de media west. Der ha al safolle telefoantsjes west, der binne apkes tikke, der ha petearen op messenger of hokker kommunikaasjemiddel dan ek mar plakfûn.

De sosjale media en foarums steane al dagen readgloeiend fan it opportune praat oer wa der no gelyk hat en wa der dus opsokkebalje moatte soe. Wylst it fansels gewoan oer fuotbal gean moat, mar dat liket op dit stuit hielendal net fan belang. Is der noch wol wat nijs te fertellen oer dy prachtige feriening dêr op It Fean?

No, ien ding dan. En dat is dat ik al in kear as tsien miljonêr wurden bin de lêste jierren. Jim ha it grif net oan my fernaam, want ik bin tige gewoan bleaun en doch noch krekt as ik dêrfoar die. De grutte bulten jild ha my net feroare. Sjoch, dan krige ik wer in prachtige mail mei as oanhef: Dear sir, you just won 1.8 milion dollar in the huppeldepup lottery. Please give us your banknumber and we will transfer the money as soon as possible. Kind regards, John Smith. CEO.

Dat wol safolle sizze as: Achte hear De Jong. Spitigernôch hat jo McAfee firusskenner dizze mail net op wearde beoardiele en is hy gewoan yn jo ynboks telâne kaam. De iennichste aksje dy’t jo no ûndernimme moatte is him yn it digitale jiskefet smite. Mochten jo wat fierder neitinke: As jo dizze mail rapportearje kin McAfee syn software oanpasse wêrtroch’t er de oare kear daliks yn de spam bedarje sil. Tige tank foar jo meiwurking, wy dogge ús bêst om de produkten fan McAfee op in sa heech mooglik nivo te hâlden en stelle jo help dêrby tige op priis. Mei freonlike groetnis, de McAfee meiwurkers fan de ôfdieling mei as doel bestriding fan spamberjochten en oare kwalike mail.

Yn de krante stie it opmerklike berjocht dat in learares biology harsels yn de klasse útklaaid hie. Teminsten, sa like it. Mar neidat de learlingen goed sjoen hienen, stie se dêr net neaken, mar mei in legging en in strak shirt wêrop’t alle spieren tekene wienen. In libben stik lesmateriaal dêr’t de bern fan seinen dat se it op dizze wize folle better ûnthâlde koenen. Dat snap ik dan wol wer en ha grutte bewûndering foar minsken dy’t soks ynventyfs betinke en dêrnei de moed ek noch ha om it te demonstrearjen. Leararen biology ha dêr dochs in hantsje fan.

Op de lânbouskoalle yn It Fean hie ik ien dy’t as it him net noaske jo efkes yn it nekfel krige. Jo woenen it dêrnei wol litte om wer rotsoai te skoppen. Mar hy hat letter wol in iikhoarntsje foar my preparearre en opstoppe. Dat noch altyd oan de wand fan myn kantoar hinget. Wat is no de konneksje tusken it earste part en it twadde part fan myn kollum? Dy is der net. Juster ha wy in dosint biology nei syn lêste rêstplak brocht. Dan binne Sineeske nepmails efkes hiel ûnbelangryk."

Folgje Ferdinand de Jong op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)