Doarpen Noard-Fryslân wolle harren better yn de merk sette

09 okt 2015 - 07:28

Mitselwier, Holwert, Ie en Peazens-Moddergat wolle meielkoar de doarpen oantrekliker meitsje foar de ynwenners en besikers. De fjouwer doarpsûntwikkelingsmaatskippijen hawwe dêr in plan foar betocht. Alle doarpen hawwe harren eigen projekt.

Sa wol Mitselwier it stinzeterrein fan state Unia yn eare herstelle. En Ie wol syn bekendheid as flaaksdoarp fergrutsje. It folsleine plan kostet dik seis ton. De doarpen hawwe dêr subsydzje foar oanfrege by it Waadfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)