Steatssekretaris mei provinsje om tafel oer Omrop

09 okt 2015 - 06:09
  • In eardere aksje by it provinsjehûs foar selsstannich Omrop Fryslân
  • It mediadebat yn de Twadde Keamer yn de nacht fan tongersdei op freed

Steatssiktaris Sander Dekker sil op koarte termyn mei de provinsje Fryslân en it ministearje fan ynlânske saken oerlizze oer de takomst fan Omrop Fryslân. De steatssiktaris die dy tasizzing tongersdeitenacht by it mediadebat yn de Twadde Keamer. Hast alle politike partijen fregen by dit debat oandacht foar de posysje fan Omrop Fryslân. CDA en ChristenUnie fregen Dekker yn in moasje om ynhâld, finânsjes en de takomst fan de Fryske radio en tv no fluch te regeljen.

Dat is nedich omdat alle 13 regionale omroppen opgeane yn ien organisaasje.

Dekker hat tasein dat hy in Fryske kandidaat sykje sil foar de ried fan tafersjoch fan de RPO. Dy moat der mei op tasjen dat der in folweardich radio en tv-oanbod yn it Frysk bliuwt. Dekker moat rekken hâlde mei CDA en ChristenUnie, omdat er dy partijen nedich hat foar in mearderheid yn de Earste Keamer. Begjin takommend jier komt der in twadde debat yn de Twadde Keamer oer it gearwurkingsplan foar de regionale omroppen. It mediadebat yn de nacht fan tongersdei op freed wie in lange sit. Dy gearkomste duorre oant moarns tweintich foar fjouweren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)