Tolve asylsikersgesinnen foar de kryst húsfeste yn Wolvegea

08 okt 2015 - 23:00

Mingde reaksjes tongersdeitejûn op de komst fan statushâlders nei Wolvegea. Dat die bliken op in ynformaasjegearkomste oer it plan om asylsikers mei in ferbliuwsfergunning te húsfestjen. Dy komme yn de eardere skoalle fan it Bornego College oan de Sportlaan te wenjen.

It giet om tolve gesinnen út mooglik Syrië en Eritreä. Doel is dat de statushâlders noch foar de krystdagen nei de skoalle ferhúzje sille. Fan de tolve lokalen yn it gebou sille wenromtes makke wurde. De dûsen, húskes en keuken moatte de minsken meielkoar diele.

De eardere skoalle sil maksimaal fiif jier brûkt wurde foar de húsfesting fan statushâlders. Tiisdei nimt de ried it definitive beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)