Definsjepersoniel krijt mear lean

08 okt 2015 - 21:12

Definsjepersoniel krijt mear lean. Noch dizze moanne wurdt in heger salaris op harren rekken byskreaun. Dat is de útkomst fan in akkoart dat definsjeminister Hennis sletten hat mei trije bûnen foar definsjepersoniel. Tongersdeitejûn waarden dêr de hantekenings ûnder set.

Meielkoar krijt it definsjepersoniel oant 2017 goed fiif prosint mear lean plus in útkearing fan 500 euro yn ien kear. De bûnen en de minister binne it noch net iens oer oare arbeidsbetingsten. Dêr wurdt noch oer ûnderhannele.

Trefwurden: 
definsje salarisferheging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)