Fryske tomatewyn presintearre yn Swolsk toprestaurant

08 okt 2015 - 20:44

Tomatekweker Theo van der Kaaij fan Berltsum komt wol mei in hiel ferrassend produkt op 'e merk: wyn makke fan tomaten. Tongersdei presintearre hy it produkt yn it Swolske toprestaurant De Librije.

De wyn wurdt makke fan tomaten dy't er oars weismite moat, omdat se net oan de easken foldogge. It giet dan om tomaten dy't eins te ryp binne om te ferkeapjen. De wyn dy't dêrfan makke wurdt, is in wite wyn, dy't no as frij eksklusyf produkt yn de merk set wurde sil.

Van der Kaaij hat in pear tûzen flessen meitsje litte, dy't benammen yn restaurants ferkocht wurde sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)