Nasjonaal Yntegraasjediner om inoar kennen te learen

08 okt 2015 - 20:32
  • Iten fan ferskillende kultueren
  • Sa'n 80 minsken by Achmea yn Ljouwert
  • Yntegrearje en ite tagelyk
  • Ek yn it smookhok kin je goed yntegrearje

Op in soad plakken yn ús lân waard tongersdeitejûn wer in yntegraasjediner hâlden. Doel dêrfan is om sjen te litten dat de ferskillen tusken minsken net eng of ferfelend binne, mar krekt weardefol. It is foar de fyfde kear dat sa'n diner hâlden wurdt. Yn totaal diene der sa'n 20.000 minsken oan mei.

Yn it bedriuwsrestaurant fan Achmea yn Ljouwert kamen sa'n 80 minsken byinoar om te iten en te praten. De organisaasje wol as Ljouwert Kulturele Haadstêd is yn 2018 besykje om yn Fryslân 10.000 minsken dielnimme te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)