"Finansjele problemen by it Antoniussikehûs Snits"

08 okt 2015 - 20:21

It Antioniussikehûs yn Snits stiet der finansjeel min foar. Dat seit RTLZ op grûn fan ûndersyk fan in akkountantskantoar. Neffens de nijsstjoerder binne der yn Nederlân achttjin sikehuzen mei grutte finansjele problemen. Dat is in fyfde fan it totaal oan sikehuzen.

It binne benammen de lytsere sikehuzen dy't mei jildkrapte te krijen hawwe. Neffens it akkountantskantoar moatte sy ûnder oare sjen nei harren soarchoanbod en moatte se mear gearwurkje. It Antoniussikehûs kundige earder al in besunigingsoperaasje oan.

Yn dizze link it berjocht op de webside fan akkountantskantoar BDO. Dêr is ek it rapport te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)