27 opfarrenden rêden fan twamêster tusken Flylân en Skylge

08 okt 2015 - 17:14
  • In rêdingsboat fan de KNRM

Op de Waadsee tusken Flylân en Skylge binne tongersdeitemiddei 27 opfarrenden fan in twamêster rêden. It skip, de Vliegende Draeck, makke wetter. Dat kaam omdat der in gat yn de romp slein wie. De opfarrenden binne fan board helle troch skippen dy't ôfkomstich binne fan de twa eilannen.

Om foar te kommen dat de twamêster hielendal sinkt, binne der twa pompen oan board brocht. It skip sil no, mei noch twa bemanningsleden oan board, nei in haven sleept wurde. Hoe't it lek reitsje koe is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)