"Te min kapasiteit foar help oan flechtlingebern"

08 okt 2015 - 16:53
  • Flechtlingebern yn de needopfan op It Hearrenfean

Nederlân hat te min minsken dy't flechtlingebern helpe kinne. Dat tinke Fier, it ekspertizesintrum yn Ljouwert op it mêd fan geweld yn releaasjes, en it Sintrum tsjin berne- en minskehannel, ek yn Ljouwert. Neffens de twa komme der alle dagen jonge bern ús lân yn, dy't trauma's oprûn hawwe. Dy soenen sa gau mooglik holpen wurde moatte om fierdere skea foar te kommen.

Nederlân soe dêr op dit stuit lykwols te min kapasiteit foar hawwe. De twa organisaasjes pleitsje der foar dat der op hiele koarte termyn mear spesjalisten oplaat wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)