Ljouwerter wyk Westeinde wol enerzjyneutraal wurde

08 okt 2015 - 16:45

De Ljouwerter wyk Westeinde is in lyts stapke tichteby it enerzjyneutraal meitsjen fan de wenwyk. Mei help fan in subsydzje fan de gemeente Ljouwert is de Enerzjy Koöperaasje Westeinde begûn mei it útsetten fan in saneamde rûtekaart dy't tongersdeitemiddei presintearre is. Yn dy rûtekaart stean de projekten dêr't de koöperaasje oan wurkje wol om sa gau as mooglik enerzjyneutraal te wurden.

Westeinde is pas de fjirde wenwyk yn ús lân dy't besiket om enerzjyneutraal te wurden. Ien fan de projekten is it earste grutte sinnepanielepark fan Fryslân. Dat soe komme moatte tusken Marsum en Ljouwert, op it ôfsletten diel fan de N383. Dêr soene dan sa'n 20.000 sinnepanielen komme moatte.

Dy panielen hawwe in fermogen fan 45.000 megawatt, genôch foar hiel Westeinde. De gemeente Ljouwert is dwaande mei in subsydzje fan it ryk, wêrtroch it plan gau grien ljocht krije kin.

Trefwurden: 
Westeinde enerzjyneutraal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)