SC Hearrenfean spilet oefenwedstriid tsjin Almere City

08 okt 2015 - 14:48

Sportklup Hearrenfean spilet sneon in besletten oefenwedstriid tsjin Almere City. Troch de ynterlânferplichtings is der dit wykein gjin kompetysjeronde yn de earedivyzje. Tal fan spilers fan SC Hearrenfean binne foar harren eigen lân op 'en paad. De wedstriid tsjin Almere is net tagonklik foar publyk.

Almere City is de ploech fan Pelle van Amersfoort, dy't troch SC Hearrenfean ferhierd wurdt. De ploech út de Jupiler League stiet lêste mei fiif punten út acht wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)