"Gau in soad tydlike huzen bouwe foar asylsikers"

08 okt 2015 - 13:56
  • (fotofoarbyld)

Der moat gau lytsskalich boud wurde om asylsikers mei in ferbliuwsfergunning oan in hûs te helpen. Dan kin de trochstreaming yn de azc's begjinne. Dat sizze middelgrutte en grutte stêden dy't harren ferienige hawwe yn it netwurk G32. Ljouwert is ien dêrfan.

Neffens boargemaster Crone moatte gemeenten frijlizzende bougrûn tsjin in ridlike priis ferhiere. As wenningkorporaasjes of projektûntwikkelders goedkeape tydlike huzen bouwe en beheare kinne, dan kinne wy meters meitsje, seit Crone. Seker as dy hûzen fleksibel yn te dielen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)