Bou nije wenten Dokkumer wyk Hoedemakerspolder úteinset

08 okt 2015 - 13:49
  • Wethâlder Albert van der Ploeg en bewenners sette de hantekening op de betonnen fundearring

De bou fan 35 nije wenten yn de Hoedemakerspolder yn Dokkum is no offisjeel úteinset. Wethâlder Albert van der Ploeg fan de gemeente Dongeradiel joech it startskot, tegearre mei takomstige bewenners. Dat dienen se troch hantekenings te setten op in stik fundearring. Yn de maitiid fan 2016 moat it klear wêze.

De wyk wie der min oan ta. Bewenners klagen oer fertutearzing. Troch wetteroerlêst stie de skimmel op 'e muorren. Guon minsken waarden siik. Yn 2014 die de GGD dêr ûndersyk nei. Dêrnei waarden 280 wenten renovearre en 38 sloopt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)