Belestings yn gemeente Kollumerlân feroarje net bot

08 okt 2015 - 11:58

Nettsjinsteande in útwreiding fan it takepakket bliuwe de gemeentlike lêsten foar de ynwenners fan Kollumerlân hast gelyk of se gean nei ûnderen. De belesting foar ûnreplik guod giet mei 5 prosint omheech. Dêr foaroer stiet dat de heffings op ôffalstoffen en reiniging mei 15 en 10 prosint leger wurde. Dat stiet yn de programmabegrutting 2016 fan de gemeente.

Dêr stiet fierders yn dat de gemeente ynvestearret yn de kwaliteit fan de iepenbiere romte, skoalgebouwen en belied foar kwetsbere ynwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)