Ynbrekker falt op troch bliedende finger en wurdt oppakt

08 okt 2015 - 11:22

De plysje hat woansdeitejûn in man fan 29 jier sûnder fêst wenplak oanhâlden dy't ynbrutsen hie yn in wenning oan it Oasterein yn Wjelsryp. Hy wie by de ynbraak ferwûne rekke oan in finger. In tsjûge seach in bliedende man rinnen en warskôge de plysje. Dy koe him oppake.

De ferwûne ynbrekker hat him behannelje litten troch in dokter. Dêrnei waard er nei it buro brocht. De plysje ûndersiket noch wat de man krekt stellen hat.

Trefwurden: 
ynbrekker bloed Wjelsryp finger
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)