Easterwâldster oppakt foar harddrugshannel

08 okt 2015 - 11:17

De plysje hat woansdei in 47-jierrige ynwenner fan Easterwâlde oanhâlden foar hannel yn harddrugs. Doe't plysjes oer de Quadoelenwei rieden, seagen se twa foar harren bekende manlju rinnen. Dy praten mei in man yn in scootmobyl. De plysjes hiene it idee dat der drugs ferkocht waard.

De 47-jierrige man besocht út te naaien, mar dat wist de plysje te foarkommen. Hy hie 45 boltsjes drugs, trije mobile tillefoans en in soad kontant jild by him. Dat is allegearre yn beslach naam. De fertochte sit fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
drugs Easterwâlde harddrugs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)