Omrop Fryslân-nijs yn regioblok NOS Journaal

08 okt 2015 - 10:40
  • It dekôr fan it NOS Journaal

Omrop Fryslân-reportaazjes binne fan takom jier febrewaris ôf mooglik te sjen yn in regioblok yn it NOS Journaal. De koepel fan alle regionale omroppen ROOS is dêroer yn oerlis mei de NPO.

Yn it regionijsblok sitte reportaazjes fan alle regionale omroppen. It nijs sil fiif minuten duorje. It wurdt oan it begjin fan de middei útstjoerd. In pear oeren letter is in nije ferzje te sjen. Yn it wykein is der gjin regionijsblok yn it NOS Journaal.

In proef mei in regioblok is fan 't simmer súksesfol ferrûn. It regioblok soe de opmaat wêze kinne fan de saneamde finsterprogrammearring. Dêrby is rûnom yn Nederlân op fêste tiden op de lanlike publike stjoerder it sjoernaal te sjen fan de regionale omrop dêr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)