Mingde reaksjes op komst statushâlders nei Bornego Wolvegea

07 okt 2015 - 22:08

De buertbewenners fan de Sportlaan yn Wolvegea hawwe soargen oer de komst fan 40 oant 50 asylsikers mei in ferbliuwsfergunning. De saneamde statushâlders krije in plakje yn it eardere gebou fan it Bornego College. It giet mei-inoar om tolve gesinnen.

De buert is benammen hoeden om't yn de direkte omjouwing ek al jongeren mei drugs- en oare problemen wenje. Der stiet ek in basisskoalle. De omwenners binne mei in brief op de hichte brocht. Tongersdeitejûn is der in ynformaasjegearkomste en wurde de plannen taljochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)